Wrigley Field

Wrigley Field
bouwurk
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Illinois
county Cook County
plak Chicago
adres 1060 West Addison Street
koördinaten 41°56′53″ N 87°39′20″ W
bysûnderheden
type bouwurk sportstadion
subtype honkbalstadion
boujier 1911-1914
arsjitekt Zachary Taylor Davis
monumintale status Chicago Landmark (2004)
oare ynformaasje
kapasiteit 41.649 minsken
kosten € 250.000 (1914)
offisjele webside
chicago.cubs.mlb.com/chc/ballpark
kaart
Wrigley Field (Chicago)
Wrigley Field
Lokaasje yn Chicago.

Wrigley Field (útspr.: ['ɹigli fi:ld]; likernôch: "rik-ly fiild") is in sportstadion yn 'e Amerikaanske stêd Chicago, dat brûkt wurdt foar it spyljen fan honkbal. It is de thúsbasis fan 'e Chicago Cubs, ien fan 'e beide honkbalteams yn 'e stêd dy't útkomme yn 'e Major League Baseball-kompetysje (MLB), de heechste honkbaldifyzje fan 'e Feriene Steaten. Wrigley Field leit op in hichte fan 180 m boppe seenivo en hat (sûnt 2017) in publykskapasiteit fan 41.649 persoanen. It stadion hat as bynamme The Friendly Confines ("De Freonlike Offreding"), in oantsjutting dy't popularisearre waard troch âld-Cubs-honkballer Ernie Banks. Wrigley Field is it op ien nei âldste stadion fan 'e MLB nei Fenway Park, en it iennichst oerbleaune stadion dêr't noch in team út 'e âlde Federal League spile hat.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy